In bok yn in auto? Dwerse ezels? Undogenske dûmnys, beppe dy?t tefolle Skylger kofje preaut? No, it sit sa!
Dizze bondel fan Jehannes Boorsma is in bûnte sammeling fan belibbenissen, fiten en sterke ferhalen.
Jehannes Boorsma is hikke en tein op ?e swiere klaai, mar wennet alwer hiel wat jierren yn ?e Wâlden. Hy mei graach ferhalen út de Wâlden en de klaai opsnuve, mar ek opskriuwe. Syn eldorado is Skylge en ek dêr komt er nuvere hampelmannen tsjin, frjemde akkefytsjes en hilaryske situaasjes. De measte ferhalen binne him as wier ferteld, guon hat hy sels meimakke, oaren binne foar in part of hielendal optocht.
Jehannes Boorsma skriuwt al jierren ferhalen. Dit is syn boekedebút.
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie :
Paperback / softback
144 pagina's
Oktober 2020
200 gram
201 x 136 x 15 mm
EAN: 9789056156749
Uitgeverij Bornmeer